logo

Keningen fan no en eartiids

Jan Durks van der Mei, ierappelkeapman út Pietersbierrum, hie fan 1936 oantemei 1949 in rige yn ‘e Ljouwerter Krante: “It keatsen yn Fryslân – Keningen fan no en eartiids”. Ut dy samling fan mear as 120 keatsersportretten binnen yn dit boek 50 fan ‘e beste stikken byinoar brocht. Van der Mei wie ek in echte mienskipsman, dy’t de ferienings, bestjoeren en frijwilligers op ‘e achtegrûn net fergeat. Syn ramantyske fizy op it foarname plak fan it keatsen yn Fryslân koe er mei syn entûsjasme as gjin twadden oerbringe op in grut publyk. Keningen fan no en eartiids jout in ûnferjitlik byld fan it keatsen as libbene folkssport yn ‘e earste helte fan ‘e tweintichste ieu.

Jan Durk van der Mei (1887-1957) hat Steatelid west foar de SDAP en wethâlder fan de gemeente Barradiel. Fan keatsferiening De Twa Doarpen yn Seisbierrum-Pietersbierrum wie er in fearnsieu foarsitter. Yn 1917 skreau er yn ‘e mande mei Joh. Werkhoven de jubileumrevue by it 40-jierrich bestean fan de NKB. Fan 1939 oantemei 1955 fersoarge er de fersen op de PC-listen en mei Yme Schuitemaker en Tetman de Vries tekene er letter noch foar de keatsrevue Yn ’t flecht oer alles hinne (1953).

Klant:Friese Pers Boekerij
Datum: september 06, 2013