logo

Om de Tsjonge hinne

lânskip, skiednis en natoer fan de doarpen Boksum, Blessum, Deinum en Hilaard

Yn Om de Tsjonge hinne is te lêzen hoe ryk it lânskip is yn dit greidegebiet. Rykdom troch it ferskaat oan blommen en fûgels en troch har oansprekkende skiednis. De skriuwers noegje jo út om oan ‘e hân fan dit boek ek op syk te gean nei dy rykdom, bygelyks troch it brûken fan de fyts-, far- en kuierkaart. Lit jo ferrasse troch de stilte of troch it sjongen fan de fûgels en de rook fan blommen. Sa wurdt Om de Tsjonge hinne in lânskip om te ûntdekken en om grutsk op te wêzen.

Skriuwers | Douwe Gerbens, Arjen Versloot, Rinze Visser, Jan Wijnsma
Redaksje | Albert Formsma, Keimpe de Vries, Jan Wijnsma
Byldmateriaal | Symen Fopma, Ale Terpstra, Rinze Visser, Winfried Walta
Foarmjouwing | Mark van Houten
Tekstkorreksje | Jan Pasma
Einredaksje | Jelle Bangma

© 2013 Fûgelwacht Boksum en omkriten

Klant:Fûgelwacht Boksum en omkriten
Datum: september 09, 2013